Us beheerder fan it Harpit hat efkes minder drokte fansels, mar hy set m ek yn foar oare doarpsaktiviteiten (al sjocht dat er op de foto efkes wat minder ut ☺)
Oan Doarpsbelang wie frege om wat te dwaan oan it sompige stikje polderdyk fan de Broeresleat nei de Westpolderbrêge ta. De gemeente waard ynskeakele en dy liet houtsnippers bringe nei it parkearplak by it Rasterhoffpark. Frijwilligers Anne Visser, soan Pier Visser, vrijwilliger Harspit Germ Wierstra, neef Steven Visser en mei de trekker doaspsgenoat Luuk Westert hawwe ôfrûne sneon in paad fan de houtsnippers makke. No kin elkenien wer gebrûk meitsje fan de betonnen trep en it rûntsje Top en Twel rinne sûnder wiete fuotten te krijen.
bron Topentwelonline